Dantumadiel wol bewenners Talma Hoeve helpe

12 nov 2014 - 21:51
  • Talma Hoeve yn Feanwâlden

De gemeente Dantumadiel wol der alles oan dwaan om te soargjen dat de bewenners en it personiel fan fersoargingshûs Talma Hoeve yn Feanwâlden goed terjochte komme. Dat hat wethâlder Roelof Bos tsjin Pasana sein.

Sûnt bekend is dat soarchgroep Pasana fan plan is om trije fersoargingshuzen te sluten, is der in soad ûnrest ûnder bewenners en personiel. Bos hat Pasana dêrom oproppen om goed en op tiid te praten mei minsken om mear ûnrest foar te kommen. Neffens de wethâlder hâldt Pasana ynkoarten petearen mei bewenners oer harren wenwinsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)