Dantumadiel stimt foar trasee

03 mrt 2006 - 14:00

De ried fan Dantumadiel giet akkoart mei it foarkarstrasee foar de Sintrale As, de dyk dy't komme moat tusken Dokkum en Nyegea. De ried fynt wol dat de dyk mear eastlik fan Damwâld rinne moat. De dyk moat neffens de ried fjouwerbaans wurde en 100 kilometer yn de oere is de maksimumsnelheid.

De ried fan Tytsjerksteradiel hat earder besletten om it adfys oer it foarkarstrasee út te stellen. De ried fan Dongeradiel praat der freed oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)