Dantumadiel stiet bordeel ta

28 sep 2000 - 10:08

Der mei ien bordeel of eskortbedriuw yn Dantumadiel komme. De gemeenteried gie dêr tiisdeitejûn mei akkoart. Mei de regeljouwing kin de yllegale prostitúsje bestriden wurde. Op dit stuit is ien yllegaal eskortbedriuw aktyf.

As betingst stelt de ried dat it legale bedriuw net yn de beboude kom komme mei. De ferwachting is dat troch dit beslút de kriminaliteit ôfnimt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)