Dantumadiel siket grêfeigners

03 jun 2007 - 12:13

Dantumadiel hat noch seker twa jier nedich om de eigners fan de grêven yn de gemeente yn kaart te bringen. Op dit stuit wyt Dantumadiel fan 40 persint fan de grêven wa't de eigner is.

De gemeente is mei de syktocht begûn fanwege it ynfieren fan in automatisearre administraasjesysteem. It finen fan de gegevens kostet safolle tiid omdat der yn ferskate argiven socht wurde moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)