Dantumadiel set yn op behâld âldereinsoarch yn gemeente

02 des 2014 - 19:53
  • Talma Hoeve yn Feanwâlden

De gemeente Dantumadiel set har yn foar it behâld fan de âldereinsoarch yn de gemeente. It kolleezje wol besykje om de húsfesting fan de âlderen safolle mooglik yn Damwâld en Feanwâlden yn stân te hâlden. Dêrmei moat ek de wurkgelegenheid behâlden wurde.

De gemeente hat dat tasein yn in petear dat hâlden is mei meiwurkers en bewenners fan soarchsintra De Hale yn Damwâld en Talma Hoeve yn Feanwâlden. Dizze sintra falle ûnder de fallite Soarchgroep Pasana.

De Friesland soarchfersekerder hat in stichting oprjochte om derfoar te soargjen dat de soarch foarearst trochgiet, oant in oernamekandidaat him meldt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)