Dantumadiel pakt boufraude oan

22 aug 2002 - 00:00

Dantumadiel wol de boufraude yn eigen gemeente oanpakke. Alle bouprojekten fan de lêste jierren sille kontrolearre wurde. Dantumadiel docht dit ûndersyk nei oanlieding fan de ferhalen oer boufraude fan de lêste tiid.

Sa is tongersdei de parlemintêre enkête oer boufraude út ein set. Der wurdt al jierren sjoemele mei de boekhâldings yn 'e bou, sa wurdt tocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)