Dantumadiel moat besunigje

26 maaie 2010 - 18:47

De gemeente Dantumadiel wol oant 2014 meielkoar 1,6 miljoen euro besunigje. Ien fan de grutste maatregels om jild te besparjen is de ferkeap fan swimbad De Frosk yn De Westereen en de sluting fan de biblioteek yn Feanwâlden.

Ek ferdwine der banen by de gemeente sels en wurde tariven foar de ferhier fan sportakkommodaasjes flink ferhege. Op 15 juny sil de gemeenteried fan Dantumadiel te set oer de besunigingsfoarstellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)