Dantumadiel 'it meast Frysk'

25 apr 2007 - 08:35

Dantumadiel is de gemeente mei it heechste persintaazje Fryskpraters. 9 op de 10 ynwenners fan Dantumadiel praat Frysk, 87 % fan 'e bern yn dizze gemeente wurdt yn it Frysk grutbrocht. Dit blykt út it taalûndersyk fan de provinsje Fryslân. Littenseradiel stiet op it earste plak as it giet om it lêzen en it skriuwen fan it Frysk.

De minst Frysktalige gemeente is Weststellingwerf. Mar ien op de fiif ynwenners hat it Frysk as memmetaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)