Dantumadiel hâldt fêst oan needopfang Feanwâlden

25 mrt 2016 - 14:08

B. en w. fan Dantumadiel hâlde fêst oan it plan foar needopfang yn Feanwâlden. It kolleezje wol opfang realisearje foar 300 flechtlingen. De ôfrûne wiken hat der bot diskusje west yn de gemeente en it doarp oer it tal flechtlingen en de lokaasje. Der wie ein febrewaris in demonstraasje en tiisdeitejûn wie der noch in petear tusken ferskate partijen. Dy wiene eins allegearre tsjin it oantal fan 300.

It kolleezje sjocht gjin reden it oantal oan te passen. Yndustryterrein de Swette is neffens b. en w. it meast gaadlike plak.

Dy lokaasje leit tichtby it stasjon. Oer it plan bestiet noch gjin akkoart mei it COA. As de gemeenteried fan Dantumadiel grien ljocht jout foar it plan, sil Dantumadiel de lokaasje oan it COA oanbiede. Dantumadiel kiest mei sin net foar in AZC, omdat er yn Dokkum en Burgum al asylsikerssintra binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)