Dantumadiel garandearret thússoarch foar eltsenien

06 nov 2014 - 13:58

It Ryk is skuldich oan de problemen dy't gemeenten no ha mei de ynfiering fan de nije soarchwetjouwing. Dat stelt wethâlder Roelof Bos fan de gemeente Dantumadiel. Neffens him sil net ien tusken wâl en skip falle. De soarch wurdt garandearre. Dantumadiel wurdt troch in âlder echtpear foar de rjochter sleept om't sy troch de herfoarmings har sân oeren thússoarch yn de wike driigje kwyt te reitsjen.

Troch dizze help kin it stel fan 88 en 89 jier no noch thús wenje, mar dat slagget net sûnder thússoarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)