Dantumadiel dielt wetter út

05 sep 2008 - 10:33
  • Aalberts dielt fleskes wetter út

De gemeente Dantumadiel freget freed yn Damwâld en sneon yn Feanwâlden op ludike wize omtinken foar de gefaren fan alkohol. Op strjitte wurde fleskes wetter útdield mei de tekst 'voorkom een kater, drink water'.

It útdielen fan 'e fleskes is ien fan de ûnderdielen fan in plan fan 'e gemeente om âlders en bern yn Dantumadiel te wizen op de gefaren fan tefolle drinke. Boargemaster Aalberts hopet dat de aksje bydraacht oan in 'kultuerferoaring' yn syn gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)