Dant'diel lûkt 'up to date' yn

08 jun 2010 - 16:40

De gemeente Dantumadiel lûkt it plan 'up to date' fuortendaliks yn. It plan wie derop rjochte om minsken mei in bystânsútkearing oan in partner te helpen. Se soene dan stylings- en kleanadvys krije en by in relaasje-buro ynskreaun wurde.

It kolleezje fan Dantumadiel wie lykwols net op de hichte fan de relaasjebemiddeling en hat tiisdeitemiddei unanym besletten it plan werom te lûken. Der wurdt noch útsocht hoe't it safier komme koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)