Dankbaar ferfolge foar smaad

10 okt 2013 - 21:02

Wim Dankbaar, ien fan de saneamde klokkelieders yn de saak Vaatstra, wurdt ferfolge foar smaad en lasterpraat. Dankbaar wurdt derfan fertocht dat hy û.o. in famyljelid fan Ali Hassan beledige hat op syn ynternetside. Ali Hassan hat in skoft fertochte west fan de moard op Marianne Vaatstra. De Irakees waard yn Istanboel oppakt, mar nei in DNA-test wer frijlitten.

Fierder wurdt Dankbaar derfan fertocht dat hy de heit fan Spencer, de freon fan Marianne, yn in kwea deiljocht setten hat. Wim Dankbaar moat op 28 oktober foar de rjochter ferskine.

Dankbaar seit op syn webside dat hy mear tariedingstiid nedich hat en dat hy in protte tsjûgen oproppe sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)