Daniël de Ridder op proef yn Amearika

02 nov 2015 - 12:21
  • Daniël de Ridder

Daniël de Ridder kin syn fuotbalkarriére fuortsette yn de Amerikaanske Major League Soccer. De âld-spiler fan SC Cambuur en SC Hearrenfean sil dizze wike in pear kear meitraine by Colorado Rapids, dat meldt syn saakwaarnimmer Patrick van Diemen op Twitter.

De 31-jierrige De Ridder koe dit seizoen by Cambuur bliuwe, mar gie net akkoart mei it foarstel fan de Ljouwerters. De oanfaller kaam ferline seizoen 21 kear yn aksje foar Cambuur en skoarde dêryn twa kear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)