Dancefeest yn Thialf op 5 maaie

13 apr 2004 - 00:00

Yn Thialf is mei befrijingsdei in dancefeest. Neffens de organisaasje, XL Dance út Waskemar, wolle jongeren wat oars as befrijingsfestivals.

It feest Liberation begjint 12.00 oere en duorret oant 23.00 oere. Gewoanwei is publyk fan 18 jier ôf wolkom op in dancefeest, no meie jongeren fan 16 jier en âlder al nei binnen. Der wurdt gjin sterke drank ferkocht. De Fryske DJ's Antiphus, Joop, Mark Norman en E-Jay draaie op it feest.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)