Dancefeest Saailân Ljouwert

06 jul 2008 - 10:09
  • DJ Toni Cha Cha op it Saailân
  • Der kamen in soad leafhawwers op ôf

Op it Saailân yn Ljouwert waard snein foar it fjirde jier achter elkoar de Dancetour hâlden. It Dancefeest wie fergees tagonklik en der kamen sa'n tsientûzen besikers op ôf.

De organisaasje woe jongeren út Ljouwert aktyf belûke by it opsetten fan it Dancefeest. Sa koene learlingen fan de oplieding befeiliging fan ROC de Friese Poort staazje rinne by de professionele befeiligingstsjinst fan Dancetour. En jongeren holpen ek mei it opbouwen en ôfbrekken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)