Dan Brown is yn Ljouwert

10 jan 2014 - 14:53
  • Dan Brown (mei blauwe trui) set syn earste stappen op Fryske grûn
  • De skriuwer fertelt foar ús kamera oer syn leafde foar it Fryske hynder
  • Brown (midden) stapt yn Amsterdam yn de âlde trein

Op it treinstasjon fan Ljouwert is freedtemiddei bysûndere besite oankaam. De Amerikaanske skriuwer Dan Brown, bekend fan bestsellers as The Da Vinci Code en Inferno, kaam mei in histoaryske trein yn Ljouwert oan. Yn it selskip fan 60 fans makke hy de reis fan Amsterdam nei Ljouwert. It is de earste kear dat Brown yn Nederlân is.

Hy is freedtejûn earegast by de show Faderpaard yn it WTC Expo yn Ljouwert en sneon by de hynstekeuring. Brown hat in spesjale bân mei it Frysk hynder, want sels hat er ek Fryske hynders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)