Dan Brown, syn frou en harren Fryske hynders

12 nov 2015 - 17:43
  • Blythe Brown en ien fan har Fryske hynders
  • Yn de rige It Swarte Goud: Blythe Brown hâldt fan Fryske hynders en kostúms

Der bestiet in link tusken de ferneamde skriuwer Dan Brown en Fryslân, nammentlik: it Fryske hynder. Blythe Brown, de frou fan de bestsellerskriuwer, waard fiif jier lyn fereale op it Fryske hynder en stuts hjirmei ek har man oan. “Dan hâldt fan Fryske hynders. Hy krûpt se oan en nimt sels rydlessen. As hy frij hat, is er de hiele tiid op stâl by de hynders.” 

Omrop Fryslân wie te gast by Dan en Blythe Brown thús foar de opnamen foar de dokumintêresearje 'It Swarte Goud'.

Eigen stoeterij

It stel is mei-eigener fan de Historic Runnymade Farm, in Fryske hynders stoeterij yn New Hampshire, Amearika. Yn 2011 kocht Blythe har earste Fryske hynder en ûnderwilens hat sy der al tsien, want sa seit se: ”Nei de ien kaam de oar, sa giet dat mei Fryske hynders.”

Dan Brown skreau yn syn boek ‘Inferno’ oer in Frysk hynder, Blythe fersiert har Fryske hynders graach mei selsmakke kostúms. Se stiet mei har kreaasjes op merken en har ferklaaide hynders dogge mei oan profesjonele kompetysjes. Mar it wichtichste fynt Blythe de wille dy’t se mei har Friezen hat.

It Swarte Goud

Mear oer Blythe Brown en har Fryske hynders is te sjen yn ‘It Swarte Goud’. Yn dizze dokumintêresearje giet Omrop Fryslân op syk nei de passy foar it Fryske hynder oer de hiele wrâld. Sa wurdt der filme yn Sina dêr't grutte shows mei Fryske hynders hâlden wurde en geane de programmamakkers yn Amearika op syk nei it hynder fan filmheld Zorro. 'It Swarte Goud' wurdt begjin 2016 ústjoerd op Omrop Fryslân telefyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)