Damwâldster mishannelet plysje

21 sep 2012 - 10:31
  • Oanhâlden

In autobestjoerder fan 55 jier út Damwâld is tongersdeitejûn oanhâlden op fertinking fan mishanneling fan in plysjeman. Hy wie earder op de jûn oanhâlden, omdat er nei alle gedachten mei drank op achter it stjoer siet. De man moast mei nei it buro foar in blaastest, mar gie dêr troch it lint. Hy joech in agint mei de fûst in pear klappen tsjin de holle.

Uteinlik die bliken dat de man yndied dronken hie. Boppedat ried er mei in ûnjildich rydbewiis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)