Damwâldster joech fatale klap

14 sep 2011 - 10:59

Justysje hâldt ien fan de seis fertochten yn de saak Smedema ferantwurdlik foar de dea fan Redmar. Dizze man (20) út Damwâld soe it slachtoffer de fatale klap op de holle jûn ha, seit it Iepenbier Ministearje.

Dat is woansdei dúdlik wurden by de tredde dei fan de rjochtsaak tsjin de fertochten. In soad tsjûgen ha sein dat de fertochte út Damwâld Redmar Smedema op de holle sloech. De oare fiif fertochten wurdt dielname oan in fjochtpartij te lêste lein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)