Damwâld warber op Marktplaats

21 aug 2007 - 13:38
  • Damwâld is neffens Marktplaats de 'hannelshaadstêd' fan Fryslân

Ynwenners fan Damwâld binne de Friezen dy't it meast hannelje op website Marktplaats.nl. Ut ûndersyk fan Marktplaats docht bliken dat Damwâld yn trochsneed de measte advertinsjes fan Fryslân hat. Damwâld stiet dan ek yn de top fiif fan Nederlân.

De populêrste rubriken yn Damwâld binne frouljusskuon, boartersguod en bankbiljetten. Yn hiel Fryslân springe de rubriken krossauto's, sentrifuges en danceplaten der út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)