Damwâld: ûngelok mei sportauto

11 aug 2008 - 09:46

In 24-jierrige ynwenner fan Dantumadiel hat sneintemiddei in frjemde smak makke mei syn sportauto. Hy ried yn Damwâld oer de Foarwei doe't er de macht oer it stjoer ferlear. Nei fjirtich meter rekke hy in pealtsje. Dat waard folslein út de grûn lutsen troch de kracht fan de klap. Dêrnei kaam de auto ta stilstân tsjin in muorre fan in wenning.

Sjoen de spoaren giet de plysje der fanút dat de man fierstente hurd riden hat. Syn rydbewiis is ôfpakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)