Damshûs ferwachtet 10.000 gasten

11 maaie 2004 - 00:00

Feanmuseum it Damshûs yn Nij Beets ferwachtet dit jier tûzenen besikers mear as ferline jier. Yn 2003 kamen 6500 minsken nei it museum, dit jier wurdt rekkene op 10.000 belangstellenden.

Yn it museum is ûnder oaren it proses fan turfmeitsjen te sjen. Yn de nije turfskuorre is in permaninte eksposysje oer turfwinning ûnderbrocht. It Damshûs hat ek noch plannen foar in kafee en in winkel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)