Dammers Oldehove kampioen

12 feb 2012 - 18:19

De dammers fan de Oldehove binne sneon kampioen wurde fan de haadklasse A. De Ljouwerters wûnen de útwedstriid tsjin DVSB mei 13-7. Troch dy oerwinning is de Oldehove net mear te efterheljen troch de konkurrinsje en komme se takom jier út op it heechste nivo, de eareklasse.

It is noch mar de fraach of damkombinaasje Fryslân dan noch yn dy klasse spilet. Sy kamen sneon net fierder as in 10-10 remise en stean dêrtroch op it tsiende plak. Dat plak betsjut dat de Damkombinaasje Fryslân noch promoasje-degradaasjewedstriden spylje moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)