Dammers nei toernoai Praach

11 okt 2010 - 21:28

Fiif dammers fan it dambûn Frysk Spul begjinne kommende tongersdei yn Praach oan in echte damynterlân. Yn de haadstêd fan Tsjechië moatte se it opnimme tsjin dammers út Poalen, Italië en Tsjechië. Der wurdt damd yn fjouwer farianten, út elk lân de eigen fariant.

De dammers hawwe in tal jûnen byelkoar west om te oefenjen en ek op ynternet binne de oare farianten oefene. Want foar de Friezen is it net samar in spultsje, se wolle winne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)