Dammer Leyenaar nei EK junioaren

16 jul 2006 - 17:10

Dammer Klaas-Hendrik Leyenaar fan Ljouwert hat him pleatst foar it Europeesk Kampioenskip foar junioaren. Leyenaar waard sneon twadde op it Nederlâns Kampioenskip yn Westerhaar.

Yn de lêste trije ronden spile Leyenaar remise. Dêrtroch bleau er de nûmer trije ien punt foar. Pim Meurs út Culemborg waard mei trije punten foarsprong op Leyenaar Nederlânsk kampioen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)