Damiano Schet debutearret by Cambuur

05 des 2014 - 13:47
  • SC Cambuur

Damiano Schet makket sneon yn de thúswedstriid tsjin NAC Breda syn debút by Cambuur. De oanfaller is de ferfanger fan de noch altyd blessearre Furdjell Narsingh. Der binne mear blessueres by Cambuur. Michiel Hemmern hat lêst fan de heup en Mart Dijkstra fan it ankel. Sy kinne beide net spylje. Erik Bakker is in twivelgefal. Bartolomew Ogbeche is wer werom nei syn skorsing. Martijn Barto spilet fan links.

It middenfjild en de achterhoede binne itselde as by de wedstriid fan ôfrûne wike tsjin AZ.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)