Damhert yn need net te finen

07 maaie 2006 - 15:06

In nije rêdingsaksje foar in damhert yn it Lauwersmargebiet hat sneontejûn neat opsmiten. It hert rint om mei in grut stik kanvas oan de hoarnen. Wyldbehearder Marten Van Kammen en in narkotiseur ha sneon opnij besocht it hert te helpen, mar it bist wie nearne te finen.

Van Kammen seit dat it bist benaud wurden is foar minsken. In soad minsken bringe no in besite oan it natoerterrein om it hert te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)