Dambûn Frysk Spul 75 jier

04 feb 2007 - 14:07
  • De site fan it Frysk Damjen

It dambûn Frysk_Spul bestie ôfrûne sneon op de kop ôf 75 jier. Yn Skearnegoutum, it plak dêr't de feriening 75 jier lyn oprjochte waard, wie in feestjûn om it jubileum te fieren.

Om it Frysk Damjen yn libben te hâlden moat it bûn mei de tiid mei. Om dy reden is der sûnt koart in digitaal damkafee yn de loft. Op de webside www.friesdammen.nl kinne de goed 200 leden tsjin elkoar damje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)