Dalstra wint yn Hoogkerk

04 jul 2003 - 00:00

Johan Dalstra fan Bûtenpost hat tongersdei it kritearium fan Hoogkerk wûn. De fjirde dei fan de seisdaagse fan it Noordenveld-Westerkwartier wie wer 'in Fryske jûn'. Ek de nûmers twa en trije wiene hurdfytsers út Fryslân. Tonny Teuben fan De Knipe waard twadde, Tim Hiemstra fan Drachten tredde.

De giele trui is foar de lieder fan it algemien klassemint, de Fries-om-utens Folkert de Haan. Dalstra is de bêste belofte. Freed wurdt fytst yn Mearum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)