Dalstra Reizen hat wer folop drokte mei fakânsjes

10 jan 2016 - 14:13

De reisorganisaasjes ha it drok dizze wiken. De reizen foar de simmerfakânsje moatte wer oan de man brocht wurde. Sa ek by Dalstra Reizen yn Surhústerfean. Dêr kamen dit wykein wer hûnderten minsken nei ta om in reis te boeken.

It bedriuw hat wol wat drege moannen hân nei de oanslach yn Parys. In soad minsken ha de reis nei stêden útsteld. Op dit momint fernimt Dalstra Reizen der eins neat mear fan. Alles reizen wurde wer folop boekt, ynklusyf de trips nei stêden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)