Dalstra Reizen ferhuzet

26 des 2002 - 00:00

Dalstra Reizen giet fuort út it sintrum fan Surhústerfean. De busûndernimming ferhuzet takom jier nei it eardere pân fan Riemersma Projektmeubilair oan de Molenweg yn it doarp. Dat bedriuw rekke earder dit jier fallyt. It is de bedoeling dat sawol de busûndernimming as it reisburo nei it nije plak ferhúzje.

Dalstra hie ek in nij kantoar op it yndustryterrein Kommiezenbos delsette kinnen, mar dit is goedkeaper.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)