Daling huzeprizen Fryslân

21 okt 2009 - 17:59

De huzeprizen yn Fryslân binne it ôfrûne jier mei hast seis persint sakke. Dat is krekt wat better as it lanlik gemiddelde, dat leit tusken de seis en sân persint. Dit blykt út sifers fan woningmarktcijfers.nl nei ûndersyk fan it kadaster. Yn de gemeenten It Bilt, Hearrenfean, Opsterlân en Ljouwerteradiel gongen de prizen wol omheech. It byld fan It Bilt is wol in bytsje fertekene. Yn dy gemeente waarden 56 persint minder huzen ferkocht as ferline jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)