Dalgaard ûnderweis nei It Fean

28 jul 2014 - 08:06
  • In fuotbal

It liket derop dat de transfer fan de Deenske spits Thomas Dalgaard nei Sportklup Hearrenfean goedkomt. De 30-jierrige oanfaller sil in kontrakt foar trije seizoenen tekenje.

Hy komt moandei wer nei It Hearrenfean en krijt tiisdei in medyske keuring. Hearrenfean sil de spits foar 700.000 euro oernimme fan syn klup Viborg. Dalgaard makke dêr 18 goals yn 33 wedstriden en waard dêrmei topskoarer fan Denemarken. Hy moat de opfolger wurde fan Alfred Finnbogason, dy't nei Real Sociedad gong is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)