Dales wol hurder optrede kinne

01 nov 2006 - 14:06

Boargemaster Geert Dales fan Ljouwert wol in ferromming fan de wet om de grutste oerlêstferoarsakers it hûs út te setten. Dat sei Dales woansdei op in kongres fan twa dagen oer feilichheid.

De gemeente pakt oerlêst yn wenwiken al in pear jier hurder oan en dat docht fertuten. Der komme hieltyd mear meldingen binnen, dit jier 600. Minsken twongen it hûs útsette fanwege grutte oerlêst is no net mooglik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)