Dales seit gjin 'sorry'

14 jan 2006 - 09:46

Korpsbehearder Dales biedt gjin ekskús oan oan boargemaster Liemburg. Dales sei freed dat Liemburg in rel skopt oer it brûken fan it Frysk troch de plysje. Liemburg nimt dy útspraak fan Dales tige searieus en tinkt der sels oer om it oardiel fan kommesaris Nijpels te freegjen as Dales net mei ekskús komt.

Dy is dat net fan plan. Hy fynt dat Liemburg kontakt mei him sykje moatten hie en riedt har oan der net sa swier oan te tillen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)