Dales seit ôf fanwege mist

22 nov 2011 - 10:45

De lêzing dy't Geert Dales tiisdei hâlde soe yn Ljouwert giet net troch. De âld-boargemaster fan de stêd fynt it fanwege de mist net fertroud om fan syn wenplak Amsterdam nei Fryslân te riden. De jongerein-organisaasje fan de VVD, dy't de lêzing organisearret, seit dêr begryp foar te hawwen. As ferfanging komme no twa fertsjintwurdigers fan de gemeente Ljouwert, griffier Baudewijn Franzen is ien fan har.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)