Dales: plysjes Frysk ferstean

13 jan 2006 - 11:40

Plysjeminsken yn Fryslân moatte it Frysk ferstean kinne, fynt boargemaster Dales fan Ljouwert. Dales is sa lilk as in seage om't fan ferskate kanten de yndruk jûn wurdt dat hy de Fryske taal net serieus nimt. Dat is neffens de boargemaster perfoarst net sa. Hy neamt behearsking fan it Frysk troch de plysje tige wichtich.

De reboelje is ûntstien om't der in pear klachten wiene oer dat der gjin oanjefte dien wurde koe yn it Frysk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)