Dales nimt ôfskie

27 jun 2007 - 22:39
  • Dales by syn ôfskie

By de lêste riedsgearkomste fan Ljouwert waard woansdei bewûndering útsprutsen foar boargemaster Dales. Hy naam nei trije jier en twa moanne ôfskied fan de Fryske haadstêd. Dales wurdt mei yngong fan 15 july de nije bestjoersfoarsitter fan de hegeskoalle InHolland yn de Rânestêd.

Dales brûkte yn syn speech in sitaat fan Klaas Jansma, dy't Dales ôfskildert as ynterimmanager dy't de saken opskoddet en dan gau fuortgiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)