Dales nije boargemaster Ljouwert

03 des 2003 - 00:00

Geert Dales (51) wurdt nei alle gedachten boargemaster fan Ljouwert. Woansdei makke foarsitter Ten Hoeve fan de fertrouwenskommisje de twa kandidaten bekend. Dales is troch de kommisje unanym op nûmer ien set. Op it twadde plak stiet CDA-wethâlder René Paas fan Grins.

De namme fan Geert Dales lekte al earder út yn de media. Hy is wethâlder yn Amsterdam, en is fan de VVD. Ek is er loko-boargemaster fan Amsterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)