Dales neamd as opfolger Remkes

10 nov 2004 - 16:59

Boargemaster Dales fan Ljouwert wurdt woansdeitemoarn yn de Telegraaf neamd as mooglik opfolger fan minister Remkes fan Ynlânske Saken. De krante komt mei in artikel oer de krityk dy't VVD'er Remkes oer him hinne krijt.

In soad fraksjes sizze dat de minister net genôch aksje ûndernimt tsjin moslimekstremisten yn Nederlân. Tongersdei is der in keamerdebat oer de moard op Theo van Gogh. Dêr soe Remkes in lêste kâns krije om him te bewizen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)