Dales: Miening frij uterje kinne

03 nov 2004 - 13:30

Skandalich fynt Dales it dat minsken mei krityk op de mienskip net mear sûnder beskerming de dyk oer kinne. De boargemaster fan Ljouwert wie tiisdei ek yn Amsterdam om de fermoarde Theo van Gogh te betinken. Dêr makken tûzenen minsken in soad leven.

Yn dit lân moat elke miening, hoe ekstreem ek, frij utere wurde kinne, fynt Dales. Yn syn eardere funksje as wethâlder yn Amsterdam hie er geregeld kontakt mei filmmakker Van Gogh.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)