'Dales makket termyn net fol'

29 maaie 2005 - 09:34

Dales hat mei syn krityk in dúdlik sinjaal jûn dat er syn bestjoers- perioade yn Ljouwert net fol meitsje sil. Dat tinke de riedsfraksjes fan 'e LLP en de SP.

De opposysjepartijen hawwe oer it generaal ynhâldlik gjin problemen mei de krityk fan de boargemaster. Se fine it heechút net netsjes dat er dy fia de media nei bûten brocht hat. De riedsleden fine wol dat Dales in part fan de krityk by himsels sykje moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)