Dales krijt ferhuzers oanbean

02 apr 2004 - 00:00

De nije boargemaster fan Ljouwert, Dales, krijt help oanbean by syn ferhuzing út Amsterdam wei. De feriening fan skippers yn Ljouwert hat him dêr in in brief oer stjoerd.

Yn de brief skriuwe de skippers dat se Dales syn buro, hinnehok, túnstuollen en ladekast fergees mei ien fan har skippen ferfiere wolle. De skippers wolle sa graach sjen litte wat de sted Ljouwert op it mêd fan histoaryske skippen te bieden hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)