Dales: helte gemeenten opheffe

13 okt 2005 - 09:52

De helte fan de Fryske gemeenten moat opheft wurde, dat fynt boargemaster Dales fan Ljouwert. Neffens him binne fyftjin gemeenten genôch foar in provinsje mei mar 650.000 ynwenners.

Dales die syn útspraken woansdei yn it VARA-radioprogramma De Ochtenden. Sels soe Dales graach Ljouwerteradiel taheakje oan syn gemeente. Ljouwert komt dêrtroch boppe de 100.000 ynwenners en dat smyt finansjele foardielen op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)