'Dales hat te koart west'

21 maaie 2007 - 17:32

Geert Dales hat te koart boargemaster west fan Ljouwert. Dat seit it eardere CDA-keamerlid en âld-boargemaster Sytze Faber. Dales wie 3 jier boargemaster. Neffens Faber hat er yn dy tiid it polityk selsbetrouwen omheech brocht, mar lit net sichtbere saken achter yn Ljouwert.

As it oan Faber leit, soe de seleksjeskommisje in boargemaster kieze moatte dy't op syn minst seis jier sitten bliuwt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)