'Dales hâldt op yn Ljouwert'

18 maaie 2007 - 10:07
  • Dales is noch mar trije jier boargemaster fan Ljouwert

Geert Dales hâldt op as boargemaster fan de gemeente Ljouwert. Dat melde tal fan kranten freedtemoarn. Dales wol foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan hegeskoalle Inholland wurde. Dat is de grutste ûnderwiisynstelling fan Nederlân.

Neffens de kranten is de kâns grut dat Dales de funksje krijt. Geert Dales is sûnt trije jier boargemaster fan Ljouwert. Dêrfoar wie er wethâlder yn Amsterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)