Dales en jongerein yn diskusje

20 des 2005 - 15:16

Boargemaster Dales sil op 'e nij yn diskusje mei de jongerein fan Ljouwert. Dat sei er moandei tsjin jongeren dy't op ludike wize demonstrearren tsjin útspraken fan Dales.

Yn in kolumn op Radio 1 makke Dales koartlyn opmerkings oer jongerein mei petsjes op en smoarge klean oan. Hy neamde se 'losers'. De Ljouwerter jongerein is dêr lulk oer. As protest kamen guon fan har mei petsjes op nei in gearkomste fan de Ljouwerter ried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)