Dales efkes werom yn Ljouwert

17 nov 2011 - 21:08

Ald boargemaster Geert Dales komt nije wike yn Ljouwert om in lêzing te hâlden foar bestjoerskundestudinten. De middei wurdt organisearre troch de JOVD, de jongere-organisaasje fan de VVD. Dales sil him yn de lêzing útlitte oer de fraach oft de oerheid it betrouwen fan syn boargers wol fertsjinnet. Dales is op it stuit vice-foarsitter fan de ried foar it iepenbier bestjoer. Yn Ljouwert wie hy boargemaster fan 2004 oant 2007. Dêrnei waard hy direkteur by de hegeskoalle InHolland, mar nei in ferskil fan ynsjoch mei de ried fan tafersjoch moast hy dêr ferline jier opstappe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)