Dales bliid mei it fûllearjen

28 nov 2004 - 14:45

Boargemaster Dales fan Ljouwert is tige tefreden oer it previntyf fûllearjen yn 'e Ljouwerter binnenstêd. It ôfrûne wykein kaam de plysje op 'e nij yn aksje tsjin it ferbeane wapenbesit. Dêrby waarden acht messen en in skjirre oantroffen.

Meiinoar hat de plysje de lêste moannen seis kear previntyf fûllearre. Hjirby binne tsientallen messen, hakbilen en kneppels yn beslach nommen. Yn 2005 wurdt besjoen oft de aksjes trochgeane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)